Rolstoelkurling op de Paralympyske Winterspullen

Rolstoelkurling is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Winterspullen steane. De sport is in fariant op it gewoane kurling mar dan foar minsken mei in lichaamlike beheining dy’t gebrûk meitsje fan in rolstoel. It stiet sûnt Turyn 2006 op it programma fan de Paralympyske Spullen.

Sawol manlju as froulju meie mei-inoar yn ien team dielnimme oan dizze sport. Fan 2010 ôf is it ferplichte dat der op syn minst ien frou as ien man yn it team sit.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy